Sjueryrapport tekstprizen

Ilja Dijk (17) wie mei har tekst ‘Dizze wrâld’ de grutte winner fan de SjONG-tekstpriis. De band No Music No Life waard twadde en Nynke Gijsen tredde. Wolst de speech dy’t sjuerylid Jelle Bangma holden hat by de útrikking fan de tekstprizen nochris neilêze? Dat kin. Untdek wat de beweechredenen fan tekst-sjueryleden Elske Kampen, Douwe Kootstra en Jelle Bangma wienen. Sjueryrapport >

IMG_6346-border

Nynke Gijsen grutte winner SjONG 2015

Parseberjocht
12 april 2015

NynkeGijsen-fotoPieterDeVries

‘In prachtige stim, goede sjongkwaliteiten en in natuerlike poadiumpresintaasje.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer Nynke Gijsen. Nynke (13) is de winner fan SjONG, it Frysktalige sjongfestival foar jongerein dat hâlden waard yn teater Sense yn Dokkum. Sa’n 250 besikers seagen hoe’t Nynke harsels nei de oerwinning song mei it nûmer ‘Foar no en altyd’, har eigen Fryske oersetting fan ‘You’ve got a friend’ fan Carole King. En Nynke hie noch mear súkses: se pakte ek de tredde priis by de prizen foar de bêste Fryske songteksten.

Lês mear »

Acht nominearren foar tekstpriis SjONG 2015

De tekstsjuery fan SjONG, besteande út Elske Kampen, Douwe Kootstra en Jelle Bangma, hat in longlist bekendmakke fan acht sjongteksten. Dizze acht teksten meitsje noch kâns op ien fan de trije tekstprizen. Dy prizen wurde útrikt by de finale fan SjONG 2015 op sneontejûn 11 april yn teater Sense yn Dokkum.

De acht nominearren binne:
• Nynke Gijsen – Foar no en altyd (Carole King – You’ve got a friend) – Bogerman Snits
• Kings of Diamonds – Ik bin it sêd (Queen – I want it all) – Singelland Drachtster Lyseum
• Ilja Dijk – Dizze wrâld (Christina Aguilera – Beautiful) – Liudger Raai Drachten
• Reinder Vellema – Komputererror (Robbie Williams – Candy) – Dockinga College Ferwert
• Marten Algra – Wûnderbûnte fûgel (Douwe Bob – Multicoloured Angels) – Bornego College It Hearrenfean
• Joy de Witte – Doalhôf (B-Brave – Doolhof) – Bogerman Koudum
• No Music No Life – Ik fiel my frij (One Republic – Counting stars) – Marne College Boalsert
• Do ek! – Leafde sa’t it heart (U2 – Ordinary love) – Singelland Burgum

De tekstsjuery hie in hiele drege taak, om’t der dit jier mar leafst 110 sjongteksten oanlevere waarden.