Fideoklips audysjes online

De fideoklips dy’t makke binne by de audysjes fan SjONG 2015 steane online. Geweldich, wat hawwe dy studinten fan ROC Friese Poort Televisie & Mediaproducties der moaie filmkes fan makke. Alle dielnimmers spatte fan it byld! Sjen? Klik hjir.  

YouTubeSjONG

Sjuery finale definityf

It wie noch efkes spannend oft Elske DeWall tasizze koe, mar ek dat is no definityf. De sjuery fan de SjONG-finale 2015 wurdt foarme troch: Elske DeWall, Janneke Brakels en Sjoek Nutma. Wy binne hiel wiis mei dizze muzyk- en poadiumspesjalisten!

Presys witte wa’t de minsken binne dy’t op 11 april ús finalisten beoardielje? Folgje SjONG op Facebook, Insta of Twitter: dêr stelle wy se ien foar ien oan dy foar!

F.l.n.r. Elske DeWall, Janneke Brakels en Sjoek Nutma

F.l.nr. Elske DeWall, Janneke Brakels en Sjoek Nutma

Finalisten SjONG 2015 bekend

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Wiebe de Jong net 10, mar 12 acts dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 11 april 2015 yn teater Sense yn Dokkum.

Lês mear »