Finalisten trede op by Omrop Fryslân

Fantastysk! De finalisten fan SjONG krije in ekstra priis. Sy meie – as tarieding op de finale – optrede by Noardewyn Live, it muzykprogramma fan Omrop Fryslân.

De finalisten krije in offisjeel optreden yn de studio fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. It optreden is live te sjen en te hearren op radio, tv en ynternet (nachts tusken 24.00 en 03.00 oere is de werhelling op tv). De SjONG-toppers meie yn groepkes nei Noardewyn, ferdield oer de fjouwer freedtemiddeis tusken de foarrondes en finale: 20 maart, 27 maart, 3 april en 10 april. Se sjonge dêr harren eigen nûmer. In ideaal momint om ûnderfining op te dwaan foar de finale dus! De dielnimemrs hâlde der boppedat in filmke op YouTube oan oer, want alle optredens yn Noardewyn komme online. Dochsto mei oan SjONG? Hâld boppesteande data dan frij yn dyn aginda! Mar… earst in goede audysje dwaan fansels, allinne de finalisten krije dizze priis.

Jenny Semplonius, finaliste fan SjONG 2013, by Noardewyn Live.

Jenny Semplonius, finaliste fan SjONG 2013, by Noardewyn Live.

SjONG 2015: 130 dielnimmers

Mear as 130 jongeren hawwe har ynskreaun foar SjONG 2015. Der binne 23 bands en solisten dy’t audysje dogge en 36 bydragen dy’t allinne meidogge foar de tekstpriis. It Frysktalige sjongfestival SjONG is foar jongerein tusken 12 en 18 jier fynt dit jier foar de sechsde kear plak.

Fan de acts dy’t audysje dogge begeliedt de helte harsels mei eigen ynstruminten, de oare helte sjongt op in orkestbân. Alle dielnimmers hawwe in eigen Fryske tekst skreaun op in besteand popnûmer. Der is ien dielnimmer dy’t ek de muzyk sels skreaun hat. Yn totaal dogge der 15 middelbere en MBO-skoallen oan mei.

Lês mear »

Workshop SjONG

SjONG en Openblick organisearje in workshop foar dielnimmers dy’t noch wat ekstra tips en trúks krije wolle fan deskundigen. Op 4 maart 2015 – in wike foar de audysjes – is der fan 15.30 oant 17.00 oere in spesjale workshop yn it teater fan ROC Friese Poort yn Drachten. Studinten fan de oplieding Onderwijsassistent Muziek jouwe tips oer sang en muzyk. Marrit de Schiffart fan SjONG is oanwêzich foar advys oer de Fryske tekst en útspraak. En der wurde ek noch tips jûn oer klean, poadiumpresintaasje en make-up! Dizze workshop is frijwillich. Wolst meidwaan? Jou dy dan foar 23 febrewaris noch op. It is fergees!

Oant SjONG?!

Folder SjONG3

Filmkes SjONG 2015

Hast se al foarby kommen sjoen?! SjONG-presintatoaren Anna Marije Bloem en Bart de Boer nommen in stik as wat filmkes op. By gebrek oan eigen talint dienen se in oprop foar oare talinten. Kinsto moai sjonge? Hasto gefoel foar poadiumpresintaasje? Kinsto moaie teksten skriuwe? Wolsto kâns meitsje op de YouTube-priis? Hasto in moaie stim? JOU DY DAN OP FOAR SJONG! Dat wie it boadskip fan Anna Marije en Bart. Hjir de filmkes nochris op in rychje, omdat se sa leuk binne!

Lês mear »

Raynaud Ritsma en Jort Landman sjueryleden audysjes

It is bekend! Raynaud Ritsma en Jort Landman foarmje de sjuery by de audysjes fan SjONG. Sy sille op 9, 10 en 11 maart tsien acts útkieze dy’t troch meie nei de finale op sneon 11 april.

Raynaud en Jort spylje beide yn de súksesfolle band Vangrail. Raynaud as sjonger en gitarist, Jort as basgitarist. Vangrail is yn 2014 keazen ta populêrste band fan Nederlân. Behalve covers spylje se ek eigen wurk. Vangrail spilet alle jierren mear as 120 shows troch it hiele lân. Mei harren single Ik Mis Je pakten se ferline jier de award foar bêste single fan it noarden. Raynaud is dêrneist presintator fan it tv-programma Tsjek en Jort jout muzykles.

Raynaud-PdV