Opjaan foar SjONG 2015

SjONG komt der wer oan! Kinsto moai sjonge, goede teksten skriuwe of in ynstrumint bespylje? Doch mei oan de Fryske Voice! 

Lês mear »

SjONG komt der wer oan!

Herinneresto dy de fantastyske winneres fan SjONG 2013 noch? Suzanna Pleiter pakte de earste priis mei har nûmer ‘Fiel my goed’, har Fryske oersetting fan ‘Feeling good’ fan Nina Simone. Wolsto dat ek? Goed nijs! SjONG, de Fryske Voice, komt der wer oan! Bisto tusken de 12 en 18 jier en kinst goed sjonge of muzyk meitsje? Tink der dan ris oer nei om mei te dwaan.

Finale 2013 (15)

Audysjes

9 maart 2015 by ROC Friese Poort Drachten

10 maart 2015 by ROC Friese Poort Drachten

11 maart 2015 by Roc Friese Poort Drachten

Finale

11 april 2015 by Sense Dokkum

Betink in leuke Fryske tekst op in besteand popnûmer en doch audysje! Dat kin allinne of yn in groep, mei ‘live’-begelieding of mei help fan in karaoke-MP3. Opjaan kin no noch net, mar fan jannewaris 2015 ôf. Wy hoopje dy tsjin te kommen!