Foto’s finale SjONG

Wat in machtige dei en jûn hawwe wy hân by de finale fan SjONG 2013. Gelokkich hat ús húsfotograaf Pieter de Vries fan Cedin in soad foto’s makke. Besjoch hjir de moaie plaatsjes.

Lês mear »

Suzanna Pleiter wint SjONG 2013

‘In geweldige stim, in moaie performance en in fenomenabele timing.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer Suzanna Pleiter. Suzanna is de winner fan SjONG, it Frysktalige sjongfestival foar jongerein dat hâlden waard yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. Sa’n 250 besikers seagen hoe’t Suzanna harsels nei de oerwinning song mei it nûmer ‘Fiel my goed’, har eigen Fryske oersetting fan ‘Feeling good’ fan Nina Simone.

Lês mear »

Winner SjONG krijt Johan Bloem Bokaal

De organisaasje fan SjONG ropt foar dizze seisde edysje fan SjONG in wikselpriis yn it libben: de Johan Bloem Bokaal. Kommende freed is de finale fan SjONG en dan krijt de winner de bokaal útrikt.

Johan Bloem (1954-2012) wie ûnderwiisadviseur foar it fuortset ûnderwiis by Cedin en naam yn 2007 it inisjatyf foar SjONG. As muzykleafhawwer seach hy mooglikheden om jongeren te aktivearjen om moderne lieten yn it Frysk klinke te litten. Johan Bloem ferstoar yn 2012 oan kanker. SjONG wie yntusken in tradysje wurden. Reden genôch om by dizze edysje fan SjONG in wikselpriis yn it libben te roppen dy’t nei him ferneamd is.

Tenei sil de wikselbeker útrikt wurde oan de winner fan SjONG en te pronk stean op skoalle oant de folgjende SjONG. Kommende freed 7 juny is de finale fan SjONG 2013. Dan sil de Johan Bloem Bokaal foar de earste kear útrikt wurde.

johan-bloem

Piet Kroes wint YouTube-priis 2013

Sjonger Piet Kroes is mei syn nûmer ‘Mei wat help fan in freon’ winner fan de SjONG YouTube-priis 2013. Piet syn filmkes (audysje en finale) waarden de ôfrûne twa jier mar leafst 4700 kear besjoen op YouTube. De sjonger – dy’t it ôfrûne jier ek te sjen wie yn The Voice Kids – krijt de priis útrikt by de finale fan SjONG. Dy is op freedtejûn 7 juny yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer.

De klips fan SjONG komme op You Tube. De act mei de measte ‘views’ wint by de folgjende SjONG de YouTube-priis. Peildatum fan dit jier wie 1 juny 2013. Klik hjir om Piet syn filmke nochris te besjen.

Finale 2011 2e priis