Fideoklips Noardewyn online

De fideoklips dy’t makke binne by Noardewyn Live steane online. Alle finalisten fan SjONG 2013 trede op yn dat muzykprogramma fan Omrop Fryslân. Sân dielnimmers hawwe dat al dien en kommende freed komme de lêste fiif finalisten live op radio en televyzje tusken 13.00 en 16.00 oere. Behalve live-bylden makket de Omrop ek fideoklips fan alle optredens. Ek de komplete útstjoeringen binne werom te sjen op ynternet. Sjen? Surf nei: http://www.youtube.com/Noardewyn.

SjONG-finalist Joyce de Wit sjongt Asto myn leafde wolst yn Noardewyn Live.

SjONG-finalist Joyce de Wit by Noardewyn Live.

Kaarten finale SjONG 2013

De finale fan SjONG is op 7 juny om 19.30 oere yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. Wolsto derby wêze? Dat kin! De kaartsjes à € 8,50 binne te bestellen fia De Koornbeurs (www.dekoornbeurs.nl of 0517-396363). As de seal net útferkocht is, wurde der foar de foarstelling ek noch kaarten oan de kassa ferkocht. Dochs is it oan te rieden om te bestellen, want fol is fol!

Parkearplakken                                           
Frij parkeare kin op it Jan Rodenhuisplein oan de Hertog van Saxenlaan (8801 ER). Dêrwei rinne jo yn 5 minuten nei De Koornbeurs. It parkearplak oan de Leeuwarderweg is ticht yn ferbân mei wurksumheden. Besikers kinne dêrom tusken 27 maaie en 19 july op freedtejûnen ek frij parkeare yn de binnenstêd fan Frjentsjer. De Koornbeurs is mei it iepenbier ferfier ek goed te berikken. It adres is: Noord 2, 8801 KP Frjentsjer.

Fideoklips fan de audysjes online

De fideoklips dy’t makke binne by de audysjes fan SjONG 2013 steane online. Geweldich, wat hawwe dy studinten fan ROC Friese Poort Televisie & Mediaproducties der moaie filmkes fan makke. Alle dielnimmers spatte fan it byld! Sjen? Gean nei www.youtube.com/taalsintrum.    

SjONG-foarronde-woansdei 030-BorderMaker

Finalisten SjONG 2013 bekend

Raynaud-PdV

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes fan 7 en 8 maaie 2013 keazen Janneke Brakels en Raynaud Ritsma 12 acts út dy’t troch meie nei de grande SjONG-finale op 7 juny yn De Koornbeurs yn Frjentsjer.

Lês mear »

Foto’s fan de audysjes

De audysjes fan SjONG wienen in grut súkses! It iene nei it oare sjongtalint ferskynde yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Besjoch hjir de foto’s fan de audysjedagen!

Lês mear »