SjONG-topper Piet Kroes by The Voice Kids

Piet Kroes, dielnimmer én twadde priiswinner fan SjONG 2011, docht mei oan The Voice Kids. Nei it belústerjen fan it liet dat Piet ynstjoerde foar de foarseleksje, waard er útnoege foar de audysjes. Dy helle er mei gemak! De trije stuollen fan Marco Borsato, Angela Groothuizen en Nick en Simon draaiden binnen in pear sekonden. Piet keas foar Marco as coach. Dy begeliedt him no nei The Battle. Dêr stride de talinten yn in battle-ring tsjin elkoar foar in plakje yn de Sing Off en úteinlik de finale. De útstjoering wêryn’t Piet battle’je moat is op freed 8 febrewaris.

Lês hjir ek it ynterview mei Piet yn LinKk! Ynterview-PietKroes