Audysjes foar de twadde rige fan I.K.

Wolsto yn de nije searje I.K. aktearje? Dit is dyn kâns!

Der komt in twadde seizoen fan de searje I.K. In soad spilers út de earste searje komme werom, mar de makkers sykje ek nije akteurs. Ferskillende figuranterollen, mar ek in pear hiel belangrike byrollen en in haadrol!

De opnames begjinne nei de simmerfakânsje en binne safolle mooglik bûten skoaltiden om, sadatst net faak frij hoechst te freegjen fan skoalle. I.K. wurdt makke troch in profesjonele televyzjeploech fan regy, kamera- en lûdsminsken en oare tv-professionals. Opnames foar I.K. binne serieus en freegje in hege konsintraasje en ynset fan dy. Mar it is ek gesellich, spannend en leuk!

Wy sykje famkes en jonges fan 15 – 20 jier, dy’t Frysk ferstean en prate kinne. Underfining is belangryk, mar entûsjasme net minder. De audysjes binne op sneon 30 juny. Jou dy dus gau op! Folje it formulier yn op: www.omropfryslan.nl/ik2012/