SjONG op Froeks

By de foarronde fan tongersdei 24 maart wienen ferslachjouwers fan Froeks.tv oanwêzich. Sy hawwe in item makke oer SjONG. Sjoch hjir foar it filmke.

Kaarten bestelle foar finale SjONG

De kaartferkeap foar de finale fan SjONG is los! De finale fynt plak op sneon 16 april yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer, oanfang 19.30 oere. Kaarten bestelle kin op trije manieren:

  • Alle dielnimmers fan 2011, dus ek dyjingen dy’t de finale net helle hawwe, hawwe rjocht op 2 frijkaarten. As jim dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan kinne jim foar tiisdei 12 april in mail stjoere nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, e-mailadres en it tal kaarten. Dyjingen komme dan op de gastelist te stean. De kaarten kinne op 16 april fan 18.45 ôf ophelle wurde by De Koornbeurs.
  • Dêrneist biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan €5,- de kaart. Dy kaarten binne bedoeld foar learlingen en dosinten. Skoallen kinne se oant moandei 11 april bestelle troch in mail te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde dan, mei in rekken nei de skoallen ferstjoerd.
  • Fierder kinne der noch losse kaarten besteld wurde, dy kostje € 7,50 it stik. Ek dy kaarten kinne foar tiisdei 12 april besteld wurde fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, e-mailadres en it tal kaarten. Dy kaarten kinne op 16 april fan 18.45 ôf ophelle en ôfrekkene wurde by De Koornbeurs. Wy soenen jo freegje wolle om safolle mooglik mei past jild te beteljen.

As de seal net útferkocht is, wurde der foar de foarstelling ek noch kaarten oan de kassa ferkocht. Dochs is it oan te rieden om te bestellen, want yn De Koornbeurs is plak foar 450 minsken en fol is fol! De finale begjint om 19.30 oere (de seal giet in kertierke earder iepen). It is frije sit, dus kom op tiid as jo in moai plakje hawwe wolle.

Teater De Koornbeurs

Frij parkeare kin op it parkearplak oan de Leeuwarderweg, krekt bûten it bolwurk oan de eastkant fan de stêd. Dêrwei rinne jo yn fiif minuten nei de Koornbeurs. Yn de binnenstêd fan Frjentsjer moatte jo betelje foar it parkearen. De Koornbeurs is mei it iepenbier ferfier ek goed te berikken. It adres is: Noord 2, 8801 KP Frjentsjer.

Finalisten SjONG bekend

De sjuery hat sprutsen… Nei de foarrondes fan 23 en 24 maart keazen de sjueryleden Tet Rozendal en Raynaud Ritsma 11 acts út dy’t troch meie nei de finale fan SjONG. Foar wa’t net troch is, hoopje wy dat it dochs in hiele moaie ûnderfining west hat en hooplik oant SjONG 2013! In fideoklip fan alle foarronde-acts is meikoarten te sjen op You Tube. No earst op nei de finale! Dy fynt plak op sneon 16 april yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. It sjuerykoppel Tet Rozendal en Raynaud Ritsma wurdt dan oanfolle mei Anne Hoogendoorn (The Voice of Holland). Der binne ek optredens te sjen fan Bente, de winneres fan SjONG 2010 en Hadzerr, de SjONG You Tube priiswinner. Kaarten (€7,50 it stik) kinne besteld wurde fia sjong.nl@gmail.com. De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

  1. Martzen Groenveld (Bogerman Snits), mei ‘Myn takomst’
  2. Amerens Jongsma (RSG Simon Vestdijk Harns) mei ‘It skaad’
  3. Fenne van der Meulen (CSG Comenius Ljouwert) mei ‘Fier fuort’
  4. Hadzerr (Piter Jelles Gymnasium Ljouwert) mei ‘Pûtiel’
  5. Marjet van der Meeren (Bogerman Snits) mei ‘Iensum’
  6. Jenny Semplonius (Magister Alvinus Snits) mei ‘Eigen wei’
  7. Piet Kroes (Bogerman Snits) mei ‘Mei wat help fan in freon’
  8. Florianne Swart (Dockingacollege Ferwert) mei ‘Wat wolsto fan my’
  9. Swalker (Singelland, Drachtster Lyseum) mei ‘Lit ús muzyk foar jimme meitsje’
  10. Wilma Hiemstra (AOC Bûtenpost) mei ‘It lit my net los’
  11. Venna Flapper (Marnecollege Boalsert) mei ‘Mearkewrâld’

Wilma mei it nûmer 'It lit my net los'

Hadzerr wint SjONG You Tube priis 2011

De band Hadzerr is mei harren nûmer ‘Ik wol sjonge’ de grutte winner fan de SjONG You Tube priis 2011. Hadzerr harren klip waard it ôfrûne jier mar leafst 5850 kear besjoen op You Tube. Hadzerr krijt de priis útrikt op de finale fan SjONG dy’t op 16 april hâlden wurde sil yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. As ekstra priis meie se dy jûns noch in kear optrede foar in folle seal.  

De klips fan SjONG komme op You Tube. De bêst besjoene act (peildatum 1 maart) wint in jier letter de SjONG You Tube priis. 

Ek dit jier docht wer bliken dat SjONG in populêr evenemint is. Mar leafst 30 groepen en solisten fan 17 ferskillende skoallen hawwe har ynskreaun. Yn totaal binne dat sa’n 50 dielnimmers. De foarrondes fan SjONG binne op 23 en 24 maart middeis yn de studio fan Omrop Fryslân yn Ljouwert.

Doel fan SjONG is om jongerein oan te setten ta it skriuwen en sjongen yn it Frysk. Fansels ferskine de klips fan SjONG 2011 ek wer op You Tube.