Doch mei oan SjONG 2011!

Kinst dy no ynskriuwe foar de foarrondes fan SjONG! SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier. As dielnimmer fan SjONG skriuwst in Fryske tekst op in besteand pop- of rapnûmer. Dat bringst foar it fuotljocht mei live-begelieding of mei in orkestbân. De bêste tsien dielnimmers fan de foarrondes geane troch nei de finale.

Om yn dy foarrondes te kommen, moatst wol wat dwaan. Download ûnderoan dit berjocht it opjefteformulier, folje dat yn en mail it foar 1 maart 2011 nei sjong.nl@gmail.com.  Tagelyk mei it opjefteformulier stjoerst ek dyn Fryske tekst en in audio- of fideo-opname fan dyn nûmer op. Dat lêste kin troch it nûmer te spyljen en op te nimmen mei in kamera of telefoan. Dêrnei kinst it ferstjoere nei sjong.nl@gmail.com fia de webside www.wetransfer.com ûnder fermelding fan de Fryske titel fan it nûmer. De ynstjoerde lieten meie net langer wêze as 4 minuten. Ferline jier wienen der nochal wat opjeftes dêr’t de Fryske tekst of it audiofragmint by miste. Dêrom hantearje wy dit jier de regel: ynstjoerings dy’t op 1 maart net kompleet binne, wurde net akseptearre en dy acts meie dus net meidwaan! Fierder riede wy de acts dy’t gjin live-begelieding hawwe, oan om earst in orkestbân te sykjen en dan pas in Fryske tekst derop te meitsjen! Der is nammentlik net fan elk nûmer in geskikte orkestbân. Orkestbannen wêrby’t mei help fan in kompjûterprogramma de stimme fuorthelle is, binne net tastien, omdat dêrmei de kwaliteit fan de muzyk hiel bot achterút giet. Foar goede orkestbannen ferwize wy dy nei de site http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr binne foar in pear euro karaokeferskes (ek sûnder achtergrûnsang) del te laden. Mochtest der echt net útkomme, nim dan foar 1 maart eefkes kontakt op mei de SjONG-organisaasje fia sjong.nl@gmail.com.

Op basis fan de audio- en fideofragminten dy’t ynstjoerd wurde, siket de sjuery 30 dielnimmers út dy’t troch meie nei de foarronde. De útslach dêrfan sil bekend makke wurde op moandei 14 maart fia de e-mail. De foarrondes sille hâlden wurde op woansdeitemiddei 23 en tongersdeitemiddei 24 maart 2011 yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. De finale is op sneontejûn 16 april yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. 

By SjONG binne prizen te winnen foar de trije bêste útfierings. Fierder komt der fan elke (foarronde)dielnimmer in profesjoneel filmke op You Tube. De Fryske tekst weaget trouwens swier mei by it beoardieljen, dus tink der goed om dat dy kloppet! By it skriuwen fan de tekst meist holpen wurde troch in folwoeksene, bygelyks om de stavering nei te sjen of om tekstsuggestjes te jaan.   

Noch fragen? Foar mear ynformaasje kinst terjochte by dyn dosint Frysk of kontakt opnimme mei de organisaasje fan SjONG fia sjong.nl@gmail.com.

opjefteformulier_sjong2011