Bente Groeneveld wint finale SjONG

Se mei dan net sa grut wêze, sjongeres Bente Groeneveld (17) fan Makkum stuts sneon ‘mei kop en skouders’ boppe de rest út by de finale fan SjONG yn teater DOK18 yn Dokkum. Sa’n 350 besikers seagen dat de sjuery fan it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein har unanym ta winneres útrôp.

‘Mei har moaie stim en ynlibbe presintaasje joech se ús pikefel,’ sa sei KlipKar-presintatrise Femke de Walle, dy’t mei sjonger Robbie van Wieren en produsint en dirigint Sjoek Nutma de sjuery foarme. Bente, learling fan it Bogerman yn Snits, song op oertsjûgjende wize it nûmer ‘Lúster’, har eigen Fryske oersetting fan ‘Listen’ fan Beyoncé.

Twadde waard de band Zebras Can Fly fan it Dockingacollege yn Dokkum mei it fleurige liet ‘In moaie simmerdei’ (‘Jenny Don’t Be Hasty’ fan Paolo Nutini). ‘Der stie echt in band,’ sa oardielde de sjuery. ‘Boppedat hawwe se in leuke sjongeres.’ De tredde priis gong nei Amerens Jongsma (14) fan Frjentsjer mei ‘Goudgiel Maitiidsfjild’ (‘Fields of Gold’ fan Eva Cassidy).

Lês mear »

Nynke & Wiljo nominearre foar finale Liet

Nynke en Wiljo binne juster by de lêste foarrondes fan it (folwoeksen) sjongfestival Liet nominearre foar in finaleplak. Nynke en Wiljo wûnen ferline jier noch SjONG mei in cover fan Anouk en brochten no in eigen nûmer.

Der binne no mei-inoar 15 acts nominearre foar in plak yn de Liet-finale op 22 maaie. De sjuery fan Liet sil hjir nije wike oer te set. Nije wike freed wurdt bekend makke hokker tsien lieten trochgeane nei de finale yn De Harmonie.

Filmkes Foarrondes SjONG 2010