Marjolein Holwerda wint YouTubepriis

It finalefilmke fan Marjolein Holwerda fan SjONG 2009 is dit jier it meast besjoen op YouTube. Mei 5900 ‘views’ bleau sy Eline, Anke & Tiny mei rom 5800 sjoggers mar krekt foar. En de nûmer 3, Saskia Zwaan, wie ek noch altyd goed foar 4700 ‘views’.

De filmkes fan SjONG wurde trouwens hieltyd populêrder. Sa waarden de filmkes fan SjONG 2009 mear as 100.000 kear besjoen. Yn totaal stiet de teller fan alle SjONG-edysjes rom oer de 300.000.

Lês mear »

Kaarten foar de finale fan SjONG 2010

Foar de finale fan SjONG op sneon 24 april yn teater DOK18 yn Dokkum biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan € 5,- per kaart. Skoallen kinne dy oant en mei tongersdei 15 april bestelle troch in mail te stjoeren nei jd.devries@cedin.nl ûnder fermelding fan de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde dan, mei in rekken, noch foar it wykein (fan 17 april) ferstjoerd.

Lês mear »

12 finalisten foar SjONG 2010


‘Ek al wie it nivo dit jier leger as ferline jier, der sieten dochs wer in pear bjusterbaarlike talinten tusken.’ Dat seit rapper Remon de Jong dy’t dizze wike tegearre mei sjongeres Minke Adema de sjuery foarme fan SjONG, it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein. Ut de yn totaal 42 dielnimmers keazen sy úteinlik 12 finalisten.

Lês mear »

48 dielnimmers foarrondes SjONG 2010

Se sizze wolris dat jongeren alles op it lêste nipperke dogge. No, by de organisaasje fan it jongereinsjongfestival SjONG witte se sûnt ferline wike dat dat kloppet. Trije dagen foar de deadline hienen se noch mar 8 oanmeldings, wylst der ferline jier mear as 50 wienen. Op de alderlêste dagen kamen der lykwols noch 40 binnen.

Dêrmei binne der hast like folle dielnimmers oan de foarrondes as ferline jier. En dat jout oan dat it festival, dat dit jier har fjirde edysje belibbet, ûnfermindere populêr is by de jeugd. Dat docht ek bliken út it tal kearen dat de klipkes fan SjONG 2009 op YouTube (www.youtube.com/taalsintrum) besjoen binne: mear as 100.000 kear.

Lês mear »