Filmkes finale SjONG 2009 op YouTube

De filmkes fan de finale fan SjONG steane op YouTube (sjoch: www.youtube.com/taalsintrum of de gadget hjirûnder).

De striid om de SjONG YouTubepriis 2009 kin dêrmei ek begjinne. De útfierende fan it FINALE-filmke dat it meast besjoen wurdt, wint de YouTubepriis en mei optrede op SjONG 2010.

Tip! Freegje (fia Hyves) safolle mooglik freonen, kunde en famyljeleden om jim filmke te besjen. Stemme hoecht dus net, it giet om it oantal ‘views’. In reaksje efterlitte is fansels wol hiel aardich.