Yldau Bylsma tredde by Liet

Nei har earste plak by SjONG ferline jier waard Yldau Bylsma sneon tredde by it ‘folwoeksen’ sjongfestival Liet. Tegearre mei Wiebe Kaspers en syn band brocht sy it bysûndere nûmer ‘Mynhear Winter’, dat troch Wiebe sels skreaun wie. Yldau joech oan dat se absolút fierder wol yn de muzyk.