SjONG op televyzje

De earste ôflevering oer SjONG 2009 is hjir te sjen. It giet oer de lêste tariedings foar de finale yn de presintaasjewurksjop.

Reportaazje finale SjONG by K-rûte fan Omrop Fryslân

By it programma K-rûte fan Omrop Fryslân wie ôfrûne snein in reportaazje te sjen fan de finale fan SjONG.

Klik hjir om de reportaazje te besjen!

Winners Nynke & Wiljo no al te sjen op Froeks.TV

De offisjele klips fan de finale-optredens komme noch, mar jim kinne no it optreden fan Nynke & Wiljo fan ôfrûne sneon al besjen op Froeks.TV.

http://www.froeks.tv/video/1200

‘Prachtige susters’ Nynke en Wiljo Sybrandy winne SjONG 2009

Yn ien wurd ‘prachtich’. Dat wie it oardiel fan de sjuery oer it optreden fan Nynke en Wiljo Sybrandy út Dearsum. Mei it nûmer ‘Fanút myn hert’ wûnen sy sneon de finale fan SjONG, it Frysktalich sjongfestival foar de jongerein.

‘Jim binne prachtige susters mei in prachtige útstrieling’, spruts sjueryfoarsitster Tet Rozendal foar in útferkocht teater DOK18 yn Dokkum. As sjongeres wie sy tige ûnder de yndruk fan de ‘prachtige stim’ fan de 15-jierrige Nynke. Mei gitaarbegelieding fan har sus Wiljo (18) brocht Nynke fol oerjefte it liet ‘Fanút myn hert’, in Frysktalige oersetting fan it nûmer ‘Lost’ fan Anouk.

Belibbing fûn de sjuery ek werom by it optreden fan Djoeke Boomsma (15) út Ljouwert. Sy waard twadde mei ‘Myn fertriet’, de Fryske ferzje fan ‘I Still Cry’ fan Ilse de Lange. De sjuery, dy’t njonken Tet Rozendal bestie út muzykspesjalist Meindert Bosklopper en sjongeres Carin Seegers, prize de moaie oergongen yn de sang fan Djoeke en har prachtige pianospel.

In dielde tredde priis wie foar Albert van der Tuin (13) fan De Harkema en Hinke Bijma (17) út Stiens. De sjuery fûn Albert mei syn gitaar in ‘leuk type’ en rapper Remon de Jong neamde him by de foarrondes al de nije Piter Wilkens. Hinke Bijma makke yndruk mei har teatrale útfiering fan it musicalnûmer ‘Kabaret’, har eigen ferzje fan ‘Cabaret’ fan Pia Douwes.

De sjuery hie lykwols in ‘drege jûn’ hân, sa seiden se, want ‘it nivo wie tige heech’ en ‘it wienen allegear toppers’. Sa soargen de band Plug In en Skoalband It Húske foar in stevige noat en rekken Jenny Semplonius, Amerens Jongsma, Marjolein Holwerda en Saskia Zwaan by in soad minsken in gefoelige snaar. Dêrnjonken brochten Annemarie de Vlas en Nelleke Hollenga & Femke Punter in lekker flot nûmer foar it fuotljocht en wienen der moaie mearstimmige vokalen by it trio Eline, Anke en Tiny en de duo’s Fenne van der Meulen & Mirjam Terpstra en Esther Popma en Dieuwerke de Vries.

SjONG wurdt organisearre troch Taalsintrum Frysk fan Cedin yn ‘e mande mei Omrop Fryslân en hat as doel om jongeren yn it fuortset ûnderwiis oan te trunen Fryske teksten te skriuwen en poplieten yn it Frysk te sjongen. Njonken de prizen foar de útfiering wienen der ek prizen foar de bêste tekst. ‘En dat is in hiele oare disipline,’ sei tekstsjueryfoarsitter en skriuwer Jelle Bangma. En soe koe it komme dat net ien fan de finalisten mei syn of har tekst yn de prizen foel.

De earste priis foar de bêste tekst gong nei Rixt Kingma en Roos Tuinder mei ‘In stikje bôle mei heagelsleage’. Sy hellen mei harren band Sophie of DOOM de finale net, mar de tekstsjuery fûn harren tekst op ‘What Have You Done’ fan Within Temptation tige orzjineel. De twadde priis wie foar ‘No is’t foarby’ fan it skriuwerskollektyf Froukje Douma, Nynke de Jong, Jildou van der Werf en Martine Beuckens fan it Marnekolleezje yn Boalsert. Sy hienen in Fryske tekst makke op ‘Cry’ fan Rihanna. De tredde priis wie foar Teunia Stilma fan it Bogerman yn Snits. Sy hie de tekst ‘Ik wol fleane’ skreaun op ‘Heaven’ fan Bryan Adams. De publykspriis foar de bêste tekst gong ek nei Rixt en Roos foar ‘In stikje bôle mei heagelsleage’. Sy krigen mear as 20 persint fan de hast 500 stimmen dy’t fia ynternet útbrocht waarden.

Under it sjueryberied wienen der optredens fan rapper Remon de Jong en sjongeres Minke Adema. By de foarrondes fan SjONG foarmen sy tegearre de sjuery. Fierder liet Yldau Bylsma, tegearre mei pianist Wiebe Kaspers, nochris hearre wêrom’t se ferline jier de terjochte winneres fan SjONG wie. Ek de nûmer 2 fan 2008, Judith Fledderus, mocht in optreden fersoargje, om’t har filmke it ôfrûne jier it meast besjoen wie op YouTube (mear as 15.000 kear). Sy krige dêrfoar de SjONG-YouTubepriis útrikt.

Yn totaal waarden alle filmkes fan SjONG 2008 mar leafst 140.000 kear besjoen en dat jout oan hoe populêr SjONG yn in pear jier tiid wurden is. De filmkes fan de foarrondes fan SjONG makken de ôfrûne wike dat it kanaal fan Taalsintrum Frysk (www.youtube.com/taalsintrum) in Top40-notearring helle by de bêst besjoene kanalen fan Nederlân. Ek de filmkes fan de finale sille dêr oer in pear wike wer op te sjen wêze.

Fierder stjoert Omrop Fryslân SkoalTV op freed 24 april en freed 29 maaie twa programma’s út oer SjONG. Op Nederlân 2 om 10.00 oere.

Reportaazje oer finalist Linda (Plug In) op Froeks.TV

Hawwe jim de moaie rôze keamer fan Linda al sjoen? Sy is de sjongeres fan de band Plug In. Sy fertelt oer SjONG en de finale fan sneon.

http://www.froeks.tv/video/1199