De 10 bêste teksten! Stim foar de SjONGtekstpublykspriis

De tekstsjuery, besteande út de skriuwers Elske Kampen, Douwe Kootstra en Jelle Bangma, hat 10 teksten selektearre út de 52 teksten dy’t ynstjoerd binne foar SjONG 2009. Dy 10 teksten binnen dêrmei ek nominearre foar ien fan de trije sjueryprizen dy’t by de finale op 18 april bekend makke wurde.

Mar dêrmei binne wy der noch net! Ek jim meie jim favorite tekst kieze út dizze 10. Jim kinne dat dwaan troch de titel fan jim favorite tekst troch te jaan fia sjong.nl@gmail.com. De tekst mei de measte stimmen wint de SjONGtekst Publykspriis. Dy wurdt ek útrikt by de finale op sneon 18 april yn DOK 18 yn Dokkum.

De sjuery hat de folgjende 10 teksten keazen (klik hjir om de teksten te lêzen of sjoch op de SjONG-hyves):

1. 10.000 nachten
(’10.000 Nights’ – Alphabeat)
Skreaun troch: Angelique Buma en Lisanne van der Zee fan it Marnecollege yn Boalsert

2. Do
(‘Spider’s Web’ – Katie Melua)
Skreaun troch: Akke Boonstra fan it Marnecollege yn Boalsert

3. Ferstild yn stien
(‘Verstild in Steen’ – Stef Bos)

Skreaun troch: Femke Hettema fan it Bornego, lok. Kingwei, op it Hearrenfean

4. In Stikje Bôle Mei Heagelsleage
(‘What Have You Done’ – Within Temptation)
Skreaun troch: Rixt Kingma en Roos Tuinder fan it Drachtster Lyceum yn Drachten

5. No is’t foarby
(‘Cry’ – Rihanna)
Skreaun troch: Froukje Douma, Nynke de jong, Jildou van der Werf en Martine Beuckens fan it Marnecollege yn Boalsert

6. Sûnder dy
(‘Cry’ – Rihanna)

Skreaun troch: Anneke Jansen, Mireille Bakker en Rinske Bos fan it Marnecollege yn Boalsert

7. Ik wol fleane
(‘Heaven’ – Bryan Adams)

Skreaun troch: Teunia Stilma fan it Bogerman, Himdyk 47, yn Snits

8. Swiet wersjen
(‘Sweet Goodbyes’ – Krezip)

Skreaun troch: Brechje van Nes fan it Bogerman, Himdyk 47, yn Snits

9. Michel
(‘Michel’ – Anouk)
Skreaun troch: Marjolein Tishauser en Kristine Visser fan it CSG Liudger yn Burgum

10. Bliid
(‘Lucky’ – Jason Mraz & Colbie Caillat)

Skreaun troch: Carina van der Hoek en Christina van der Galiën fan it ROC Friese Poort yn Ljouwert

Foto’s foarrondes op Hyves en taalsintrumfrysk.nl

De foto’s fan de foarrondes steane no ek op ús Hyvespagina (sjongfrysk.hyves.nl).

Gruttere ferzjes fan de foto’s kinne jim fine yn it fotoboek op de website fan Taalsintrum Frysk (www.taalsintrum.nl/fotoboek.html).

Bylden foarronde woansdei op Fynst

By de foarronde op woansdei hienen wy besite fan it ynternettydskrift Fynst. Sy hawwe in hiele leuke reportaazje makke. Nijsgjirrich? Tsjek harren site: http://www.fynst.nl/content.php?id=310 of sjoch op YouTube: http://www.youtube.com/watch?v=x5zJaMVUmeo.

Utslach foarrondes SjONG 2009

Bêste dielnimmers en begelieders fan SjONG 2009,

De sjuery hat sprutsen. De útslach is bekend. Nei trije foarrondes en 45 optredens hawwe Mink en Remon harren kar makke foar de finale. En dat wie net ienfâldich. “It nivo wie in stik heger as ferline jier,” leit Mink út. “Mei safolle goede optredens foel it net ta om in kar te meitsjen.”

Mink ropt de ôffallers dan ek op om net op te jaan en foaral troch te setten. “Der binne ek in stik as 6 acts ôffallen dy’t hiel ticht tsjin de finale oan sieten. Dy sjogge wy graach takom’ jier wer.” Want by dielnimmers dy’t al earder meidien hawwe, seagen se absolút de noadige ferbettering. “Us kompliminten dêrfoar,” seit Mink, “se hawwe echt wat mei ús opmerkings dien en dat seagen wy werom yn de presintaasje en it sjongen.”

Dochs is Remon ek kritysk. “Benammen de bands meie noch wol wat mear op inoar ynspile reitsje,” seit er, “en dat betsjut oefenje, oefenje, oefenje.” Ek hy fûn it dreech om in kar te meitsjen. “Der stutsen in stik as wat acts dúdlik boppeút, mar de diskusje gong foaral oer al dy oare goede acts.”

Nei in lang en dreech sjueryberied binne Mink en Remon úteinlik ta it folgjende oardiel kommen. Dizze 15 acts sjogge wy werom yn de finale fan SjONG 2009:

1. Plug In mei ‘Foarby’ (‘Nobody’s Wife’ fan Anouk) fan it Dockingacollege VMBO Th. Yn Dokkum.

2. Skoalband ‘It Húske’ mei ‘Bring my nei de Linde’ (‘Take Me To The River’ fan Al Green) fan it Stellingwerfcollege yn Easterwâlde.

3. Jenny Semplonius mei ‘Mem’ (‘Papa’ fan Stef Bos) fan RSG Magister Alvinus yn Snits.

4. Albert van der Tuin mei ‘Lit mar los’ (‘Laat maar los’ fan Marco Borsato) fan it Drachtster Lyceum yn Drachten.

5. Djoeke mei ‘Myn fertriet’ (‘I Still Cry’ fan Ilse de Lange) fan it Chr. Gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert.

6. Eline, Anke en Tiny mei ‘It is no te let’ (‘To Make You Feel My Love’ fan Adele) fan it Dockingacollege HAVO/VWO yn Dokkum.

7. Amerens Jongsma mei ‘Hear mar nei dyn hert’ (‘Listen To Your Heart’ fan Roxette) fan RSG Simon Vestdijk yn Harns.

8. Annemarie mei ‘Sa bin ik net’ (‘I’m Not So Tough’ fan Ilse de Lange) fan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne.

9. Hinke Bijma mei ‘Kabaret’ (‘Cabaret’ fan Pia Douwes) fan CSG Comenius Mariënburg yn Ljouwert.

10. Fenne & Mirjam mei ‘Do wiest myn freon’ (‘You Were My Friend’ fan Chi Coltrane) fan CSG Ulbe van Houten yn Sint Anne.

11. Marjolein Holwerda mei ‘Dêr bisto’ (‘There You’ll Be’ fan Faith Hill) fan Bornego College lok. Kingwei yn Hearrenfean

12. Saskia mei ‘As ik dy sjoch’ (‘You Raise Me Up’ fan Josh Groban) fan it Marnecollege yn Boalsert.

13. Nelleke & Femke mei ‘Wa’t ik bin’ (‘Sober’ fan Pink) fan it Bogerman yn Wommels.

14. Esther & Dieuwerke mei ‘Unskreaun’ (‘Unwritten’ fan Natasha Bedingfield) fan CSG Liudger yn Burgum.

15. De GG’s / Nynke & Wiljo mei ‘Fanút myn hert’ (‘Lost’ fan Anouk) fan Bogerman lok. Himdyk 2 yn Snits.

Kaarten
Alle dielnimmers, dus ek dyjingen dy’t de finale net helle hawwe, hawwe rjocht op 2 frijkaarten foar de finale op sneon 18 april yn teater DOK18 yn Dokkum.
As jim dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan kinne jim in mail stjoere nei s.sierksma@cedin.nl. Jim komme dan op de gastelist te stean.

Dêrnjonken biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan € 2,50 per kaart. Skoallen kinne dy oant en mei woansdei 8 april bestelle troch in mail te stjoeren nei s.sierksma@cedin.nl ûnder fermelding fan de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde dan, mei in rekken, noch foar it peaskewykein tastjoerd.

Foar wa’t net fia skoalle kaarten bestelt, betellet € 5,- per kaart. Dy kaarten binne te bestellen fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, adres, tillefoannûmer en it tal kaarten. Dy kaarten kinne dan op 18 april ophelle en ôfrekkene wurde by de kassa fan DOK18.

Yn DOK18 is plak foar 400 minsken, dus wachtsje net te lang mei it bestellen (ek fan frijkaarten), want fol is fol!

De filmkes
De filmkes fan de 15 finalisten sille wy binnen in pear wike op YouTube sette.
En ek as jim de finale net helle hawwe, sette wy jim klip graach op ynternet, mar allinne as jim dat sels wolle. Dus fine jim jim optreden goed genôch om oan de rest fan de wrâld sjen te litten, stjoer dan eefkes in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com, dan sette wy jim filmke oer in pear wike ek op ús YouTube-kanaal: www.youtube.com/taalsintrum.

De foto’s fan de foarrondes komme hjoed of moarn op sjongfrysk.hyves.nl en op http://www.taalsintrumfrysk.nl/.

SjONGtekstpublykspriis
Ut de ynstjoerde teksten is in seleksje makke fan 10 teksten. Dat is dien troch in faksjuery besteande út de skriuwers Elske Kampen, Jelle Bangma en Douwe Kootstra. Dy 10 bêste teksten sille de kommende dagen publisearre wurde op http://www.sjong.nl/ en sjongfrysk.hyves.nl en dêr kin op stimd wurde troch in mailtsje te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan jim favorite tekst.
De tekst mei de measte stimmen krijt úteinlik de SjONGtekstpublykspriis dy’t útrikt wurde sil by de finale.
Dan sille ek de 3 winners fan de tekstprizen bekend makke wurde troch de faksjuery.

Presintaasjewurksjop
Foar de finalisten is der op freedtemiddei 3 april in presintaasjewurksjop by Omrop Fryslân yn Ljouwert. Wy ferwachtsje de bands dy middei om 13.00 oere, sadat alles klearsetten wurde kin. De oaren sjogge wy graach om 13.30 oere ferskinen. De wurksjop sels begjint om 14.00 oere en wurdt jûn troch Mink en Remon. Alle finale-acts wurde dêr yn de komplete besetting ferwachte.

Yn de tuskentiid roppe Mink en Remon jim op om foarral oefenjen te bliuwen. “Want it moat aanst yn de finale stean as in hûs,” seit Mink. “En ek by de finalisten binne der bêst noch wol in oantal dingen dy’t better kinne,” folt Remon har oan. Oefenjen bliuwe dus en foaral ek goed harkje nei de tips dy’t Remon en Mink jaan sille by de wurksjop.

By de presintaasjewurksjop sil Omrop Fryslân opnames meitsje en ynterviews dwaan foar de 2 televyzjeprogramma’s dy’t op 24 april en 29 maaie útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10.00 oere.

De finale op 18 april
De finale begjint jûns om 19.30 oere. De seal giet in kertier earder iepen.
De finalisten wurde middeis om 15.00 oere yn DOK18 yn Dokkum ferwachte foar kamerarippetysjes en in soundcheck. Der wurdt jûns foar iten soarge. Fierdere ynformaasje folget de kommende wiken.

No, dat wie it earst wer. Wy sjogge jim graach werom by de finale.
En… ferjit net om op ‘e tiid kaarten te bestellen!

Groetnis,
út namme fan de organisaasje fan SjONG,
Jouke Douwe de Vries

Ynformaasje foar dielnimmers: Yndieling foarrondes SjONG 2009

Bêste dielnimmers en begelieders,

It giet oan!
Mar leafst 52 groepen en solisten hawwe harren ynskreaun foar SjONG 2009 en dy sille de kommende wiken de striid meiïnoar oangean. Earst om út te meitsjen hokker 15 acts nei de finale trochgeane en dêrnei om te sjen wa’t dit jier yn de prizen falle.
En it mei dan in wedstriid wêze, litte wy der meiïnoar foaral wer in gesellige happening fan meitsje. Want dat is wat de âld-dielnimmers fan de lêste jierren it meast bybleaun is: de gesellichheid.

Fierder is it fansels ek in hiele ûnderfining. Jim trede ommers net elke dei foar publyk op en al hielendal net mei televyzje derby. En dan krijt elk ek noch syn eigen fideoklip! Want fan alle nûmers yn de foarrondes wurde klips makke dy’t op YouTube (www.youtube.com/taalsintrum) setten wurde sille. Teminsten as jim dat wolle, mar dêr freegje wy jim nei de foarrondes wol nei. Fierder sille der twa programma’s makke wurde troch Omrop Fryslân, dy’t op 24 april en 29 maaie útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10.00 oere.

De foarrondes
Earst wolle jim fansels witte hoe’t it komt mei de foarrondes fan nije wike, want it is al gau safier.
Mei it grutte oantal dielnimmers fan dit jier sille der nije wike 3 foarrondes wêze. De foarrondes wurde hâlden yn de grutte TV-studio fan Omrop Fryslân oan de Suderkrúswei 2 yn Ljouwert (sjoch foar in rûtebeskriuwing: http://www1.omropfryslan.nl/Kontakt_Adres_en_r%C3%BBte.aspx).
De foarrondes fine plak mei publyk. Dit yn tsjinstelling ta ferline jier. It publyk bestiet út de dielnimmers oan dy foarronde en maksimaal 2 begelieders per skoallokaasje (dit yn ferbân mei it beheinde tal sitplakken). It is de bedoeling dat elk de hiele foarronde bywennet.

Klik hjir foar de yndieling foar de foarrondes (Excell-bestân).
Mochten dêr noch flaters yn stean, dan hearre wy dat graach fia sjong.nl@gmail.com.

Earste foarronde: 16 maart 2009
Yn de earste foarronde op moandei 16 maart hawwe wy alle bands ûnderbrocht. Dy foarronde begjint om 14.00 oere en duorret oant in oere as fjouwer. Om 13.00 oere moat elk oanwêzich wêze om saken troch te praten, klear te setten en te testen. Der stiet in komplete backline mei 2 gitaarfersterkers, 1 basfersterker, in drumstel en in digitale piano. Oare ynstruminten moatte jim sels meinimme. Keyboards wurde fuortendaliks fia de mingtafel fersterke en akoestyske gitaren mei in mikrofoan.

Twadde foarronde: 17 maart 2009
De twadde foarronde is op tiisdei 17 maart en begjint in bytsje earder, nammentlik om 13.30 oere. Ek hjir moat elk om 13.00 oere oanwêzich wêze om saken troch te praten, klear te setten en te testen. Der is wer in digitale piano oanwêzich. Oare ynstruminten graach sels meinimme.

Tredde foarronde: 18 maart 2009
De tredde foarronde is op woansdei 18 maart en begjint ek wer om 13.30 oere. Ek dan moat elk om 13.00 oere oanwêzich wêze en stiet der wer in digitale piano.

De sjuery foar de foarrondes bestiet ek dit jier wer út Mink & Remon, oftewol sjongeres Minke Adema en rapper Remon de Jong. Sy sille, lykas ferline jier, fuortendaliks nei ôfrin fan in nûmer koart kommintaar jaan. Dat sil wer earlik en oprjocht wêze, sa’t wy fan harren wend binne, mar it is der foaral op rjochte om opbouwende krityk te jaan om jim foarút te helpen by jim muzikale ûntwikkeling.

As alle foarrondes west binne, sille Mink & Remon maksimaal 15 acts útsykje dy’t trochgeane nei de finale. Dy finalisten wurde tongersdei 19 maart yn de rin fan ‘e middei bekend makke fia de mail, op www.sjong.nl en op sjongfrysk.hyves.nl.
Foar de finalisten is der op freedtemiddei 3 april in presintaasjewurksjop by Omrop Fryslân yn Ljouwert. Dy wurksjop sil jûn wurde troch Mink & Remon. Alle finalisten wurde dêrby ferwachte. Omrop Fryslân sil dan ek opnames meitsje en ynterviews dwaan foar de twa televyzjeprogramma’s. Hâld dy datum dus alfêst frij!

SjONGtekstpublykspriis
Ut de ynstjoerde teksten sil de kommende wike in seleksje makke wurde fan 10 teksten. Dat sil dien wurde troch in faksjuery besteande út de skriuwers Elske Kampen, Jelle Bangma en Douwe Kootstra. Dy 10 bêste teksten sille publisearre wurde op www.sjong.nl en sjongfrysk.hyves.nl en dêr kin op stimd wurde troch in mailtsje te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan jim favorite tekst. De tekst mei de measte stimmen krijt úteinlik de SjONGtekstpublykspriis dy’t útrikt wurde sil by de finale op sneon 18 april yn DOK18 yn Dokkum. By de finale sille ek de trije winners fan de tekstprizen bekend makke wurde troch de faksjuery.

Kaartferkeap finale
Alle dielnimmers, dus ek dy’t net trochgeane nei de finale, hawwe rjocht op 2 frijkaarten foar de finale op 18 april.
As jim dêr gebrûk fan meitsje wolle, dan kinne jim in mail stjoere nei s.sierksma@cedin.nl. Jim komme dan op de gastelist te stean.

Dêrnjonken biede wy skoallen kaarten oan foar it redusearre taryf fan € 2,50 per kaart.
Skoallen kinne dy oant en mei woansdei 8 april fia sjong.nl@gmail.com bestelle ûnder fermelding fan de namme fan de skoalle, de kontaktpersoan, it skoaladres en it tal kaarten. Dy kaarten wurde, mei in rekken, dan noch foar it peaskewykein ferstjoerd.

Foar wa’t net fia skoalle kaarten bestelt, betellet € 5,- per kaart. Dy kaarten binne ek te bestellen fia sjong.nl@gmail.com ûnder fermelding fan namme, adres, tillefoannûmer en it tal kaarten. Dy kaarten kinne dan op 18 april ophelle en ôfrekkene wurde by de kassa fan DOK18.

Yn DOK18 is plak foar 400 minsken, dus wachtsje net te lang mei it bestellen (ek fan frijkaarten), want fol is fol!

No, dat wie it earst. Mochten jim noch fragen hawwe, dan hearre wy dat graach fia sjong.nl@gmail.com.

Groetnis en oant nije wike,

Jouke Douwe de Vries
organisaasje SjONG