Oanmelde kin noch oant 9 maart!

Bêste SjONGers, dosinten en oare kontaktpersoanen,

Noch 2 wike en dan slút de oanmelding foar SjONG 2009. Mei dit berjocht wolle wy jim dêr noch graach eefkes oan herinnerje. It oanmeldingsformulier is noch altyd del te laden fia: http://www.taalsintrum.nl/images/opjefteformulier_sjong2009.doc

Ferjit net om by it oanmeldingsformulier ek de orizjinele tekst, de nije Fryske tekst en de orkestbân mei te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com.

De earste oanmeldings druppelje al binnen. Dêrby wolle wy jim noch wol graach de folgjende tips meijaan:
– Lit foar it ynstjoeren noch eefkes nei de Fryske tekst sjen troch in dosint Frysk of in oar dy’t goed Frysk kin.
– Soargje foar in goede orkestbân. Dy binne bygelyks te finen op http://www.karaoke-version.com/nl/. Foar karaokes fan Nederlânsktalige lieten kinne jim ek op www.karaokes.nl sjen.

Mochten der fierder noch fragen wêze dan hear ik dat graach fia sjong.nl@gmail.com.

Súkses mei de fierdere tariedings.

Groetnis,
Jouke Douwe de Vries
organisaasje SjONG

Djoeke Numan sjongt ‘Blynseach’ mei Ilse deLange


Wêr’t SjONG al net ta liede kin! Djoeke Numan die ferline jier mei oan SjONG mei it nûmer ‘Blynseach’ (orzjineel: ‘Flying Blind’ fan Ilse deLange) en ôfrûn wykein song se it ‘live’ mei nimmen minder as Ilse deLange sels by de Fanmeet 2009 yn it Luxor yn Arnhem. Fet cool!

Harkje hjir nei Djoeke by de foarrondes fan SjONG 2008

Sjoch ek op: http://www.nijsnet.nl/?pag_id=10578&news_id=23061&pag=2