Tips foar it oersetten fan in tekst

It falt faaks noch net ta om in tekst fan in besteand pop- of rapnûmer oer te setten. Hjirûnder fine jim wat tips!

1. Sjoch net te folle nei de oarspronklike tekst. Tink by dysels: Hoe kin ik dit oars sizze?

2. Betink earst ris wat rymwurden.

3. Sjong de tekst daliks by it oersetten, dan witst oft er op de muzyk passet of net. Besykje ek itselde oantal wurdlidden (‘lettergrepen’) te hâlden.

4. Ast fêst sitst, freegje dan in oar om dy te helpen of lit de tekst eefkes lizze en gean letter fierder.

Skriuw dy no yn foar SjONG 2009

SjONG 2009 komt der oan! Foar moandei 9 maart kinne learlingen fan 12 oantemei 18 jier harren wer oanmelde foar dit Frysktalige sjongfestival. Se moatte dêrby in eigen Frysktalige tekst op in besteand pop- of rapnûmer foar it fuotljocht bringe. Dat kin allinne of yn in groep, mei ‘live’-begelieding of mei help fan in orkestbân.

Foar elke skoallokaasje jildt in maksimum fan 5 ynstjoerings foar SjONG. As der mear ynteressearre groepen of solisten binne, is it oan de skoalle sels om in eigen foarronde te organisearjen om út te meitsjen wa’t meidwaan meie.

De ynstjoerde lieten meie net langer wêze as 4 minuten. By de foarrondes meie sjongers of sjongeressen, yn ferskate gearstallings, meardere kearen meidwaan. Yn de finale mei in sjonger of sjongeres mar ien kear meidwaan (dat jildt dus net foar begeliedend muzikanten – ek dy meie trouwens net âlder wêze as 18 jier).

De foarrondes fan SjONG binne op moandei 16 en tiisdei 17 maart (en by in soad ynskriuwings ek op 18 maart) yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. Oer de eksakte dei en tiid krije de dielnimmers nei oanmelding sa gau as mooglik berjocht. De finale is op sneon 18 april om 19.30 oere yn teater DOK18 yn Dokkum.

Der binne prizen foar de bêste útfierings en de bêste teksten. Dit jier meie learlingen ek allinne in tekst ynstjoere om mei te dwaan foar de tekstprizen. Der moat dan wol dúdlik by fermeld wurde dat it liet net útfierd wurde sil. Learlingen meie by it skriuwen fan de tekst holpen wurde troch in folwoeksene, bygelyks om de stavering nei te sjen of om tekstsuggestjes te jaan, mar it grutste part fan de tekst moat troch de learlingen sels skreaun wurde.

Oanmelde kin troch it oanmeldingsformulier hjirboppe del te laden, yn te follen en foar moandei 9 maart werom te stjoeren nei sjong.nl@gmail.com. By it oanmeldingsformulier moat ek de orzjinele tekst, de Fryske oersetting en de orkestbân meistjoerd wurde! De direkte link nei it oanmeldingsformulier is: http://www.taalsintrum.nl/images/opjefteformulier_sjong2009.doc.

Fan de foarrondes en de finale sille ek wer opnames makke wurde troch Omrop Fryslân dy’t op 24 april (de foarrondes) en 29 maaie (de finale) útstjoerd wurde op Nederlân 2 om 10.00 oere.

Om dielnimmers te helpen by it skriuwen en/of ferbetterjen fan harren teksten, biedt Taalsintrum Frysk ek dit jier wer in wurksjop SjONG oan yn de moanne febrewaris. Dizze muzikale wurksjop wurdt jûn op skoalle en is fergees. Mail foar mear ynformaasje en/of oanmelding nei sjong.nl@gmail.com.

Foar orkestbannen ferwize wy jim graach nei de site http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr kinne fergees of foar in pear euro karaokeferskes delladen wurde.

Noch fragen? Stjoer dan eefkes in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com