YouTube Top 3 SjONG 2008

De SjONG YouTube-wedstriid is aardich op wei. Der is sa stadichoan in dúdlike Top 3 sichtber (sjoch hjirûnder).

O ja, foar wa’t net wit hoe’t it wurket: Oan it ein fan it skoaljier, krekt foar de folgjende SjONG, meitsje wy bekend hokker finalefilmke it meast besjoen is op YouTube. De útfierende fan dat filmke is de winner fan de SjONG YouTube-wedstriid en mei optrede op SjONG 2009!

Jim kinne der sels foar soargje dat jim favoryt yn de Top 3 (en op SjONG 2009) komt troch har(ren) filmke te besjen op it YouTube-kanaal fan Taalsintrum Frysk: www.youtube.com/taalsintrum.

De SjONG YouTube Top 3 fan DESIMBER:

1. Judith Fledderus mei ‘Wy hearre by elkoar’
(orzjineel ‘We are meant to be together’ fan Judith sels)

2. Sanne Rijpkema, Eline de Ruig en Lisa Postma
mei ‘Foar dy wol ik gean’
(orzjineel ‘Voor jou wil ik gaan’ út de musical Grease)

3. Yldau Bylsma mei ‘Bysûnder’
(orzjineel ‘Bijzonder’ fan Veldhuis & Kemper)

Klik hjir foar de oare filmkes!