Finale SjONG 2009 op 18 april

De finale fan SjONG is takom jier op sneon 18 april. De einstriid fan it Frysktalige sjongfestival foar de jongerein wurdt diskear hâlden yn it nije teater fan Dokkum: DOK18.

By SjONG is it de bedoeling dat learlingen út it fuortset ûnderwiis sels in tekst skriuwe op in besteand pop- of rapnûmer. Dat nûmer moat dêrnei troch in solist of groep foar it fuotljocht brocht wurde wurde. Dat kin mei help fan in orkestbân of mei in ‘live’-band. Foar alle dielnimmers jildt dat se net jonger wêze meie as 12 en net âlder as 18 jier.

De ynskriuwing slút op moandei 9 maart. It ynskriuwformulier kin fan begjin 2009 ôf wer delladen wurde op www.sjong.nl. De foarrondes sille ein maart plakfine by Omrop Fryslân yn Ljouwert. Fan de foarrondes en de finale sille wer opnames makke wurde dy’t op 24 april en 29 maaie útstjoerd wurde sille op Nederlân 2 en Omrop Fryslân.

Hâld www.sjong.nl en sjongfrysk.hyves.nl (binne jim al freon?) yn de gaten foar mear ynformaasje.