No te bestellen! DVD SjONG 2008

Foar de dielnimmers oan SjONG (en oare belangstellenden) hawwe wy in geweldige oanbieding! De fjouwer ôfleverings fan Omrop Fryslân oer SjONG 2008 binne no nammentlik te bestellen op ien DVD. En wy dogge dat, spesjaal foar jimme, tsjin kostpriis. De DVD kostet nammentlik mar 7,50 euro (ynklusyf de kosten fan it ferstjoeren).

Jim kinne jim bestelling oantemei freed 5 septimber trochjaan op: sjong.nl@gmail.com. Set yn dy mail eefkes hoefolle DVD’s ast hawwe wolst en nei hokker adres se stjoerd wurde moatte.

De DVD’s wurde nei 5 septimber drukt en dêrnei krije jim ‘m sa gau as mooglik thússtjoerd (mei de rekken derby).

Wy sjogge jim bestelling graach yn ‘e mjitte.

Groetnis,
Jouke Douwe de Vries
Taalsintrum Frysk / SjONG