‘Sin, Sin, sinne’ fan Ju, Ju, Judith op Omrop Fryslân

It kin hurd gean! Sa stietst yn de finale fan SjONG (en wurdst twadde…) en dan wurdst frege troch Omrop Fryslân om harren nije simmerferske yn te sjongen. Neffens ús wurdt it in hit!

Hjirnjonken kinne jim it filmke besjen op YouTube.

It ûndersteande berjocht fûnen wy op de webside fan Omrop Fryslân. Judith, in protte súkses!!!

Omrop komt mei simmerferske

Sin, Sin, Sinne is it ferske fan de kampanje ´Simmer yn Fryslân´ fan Omrop Fryslân. It wurdt songen troch Judith Fledderus (17) út Ljouwert. Se die ûnder oare mei oan it Frysktalich sjongfestival ´Sjong!´, foar jongerein fan 12 oant 18 jier. Se waard twadde mei it ferske ´Wy hearre by elkoar´.

Sin Sin Sinne giet, sa´t de titel al seit, oer de sinne. Dy spilet fansels in belangrike rol by in moaie simmer. It ferske is makke troch Jan Durk de Haan en Martijn Engbrenghof.

Under de flagge fan Simmer yn Fryslân docht Omrop Fryslân ferslach op radio, televyzje en ynternet fan grutte eveneminten lykas it skûtsjesilen, de PC, de Freule, de Slachtemaraton en Oerol op Skylge.

Klik hjir foar alle ynformaasje oer Judith en ‘Sin, sin, sinne’

Ek filmkes fan SjONG 2008 op Froeks TV

Froeks TV, de nije jongereinstjoerder fan Fryslân, wie ek fan de partij op SjONG 2008. Mei in kamera! Se hawwe in soad filmkes op harren webside stean, sjoch: http://www.froeks.tv/ channel/sjong2008.

Froeks hat ek klips fan de optredens ûnder it sjueryberied, dêr’t in protte fan jimme sa nijsgjirrich nei binne (TIIIMMMMM!!! sjoch: http://www.froeks.tv/video/162 en in ynterview: http://www.froeks.tv/video/118).

In reportaazje kinne jim besjen troch op hjir te klikken.