Utstjoerings SjONG op Omrop Fryslân

Foar wa’t mar gjin genôch krije kin fan SjONG, kin hjir noch eefkes lekker neigenietsje mei de searje programma’s dy’t programmamakker Freark Smink fan Omrop Fryslân makke hat om SjONG 2008 hinne.

As jim op de links hjirûnder klikke, iepenet ‘m in finster mei in mediaplayer.

Freed 25 april 2008
SjONG ôfl. 1 om 10.00 oere op Ned. 2 en om 18.35 uur by Omrop Fryslân
Dizze earste ôflevering giet oer it tekstskriuwen en it oefenjen.

Tiisdei 13 maaie 2008
SjONG ôfl. 2 om 11.00 oere op Ned. 2 en op freed 9 mei 2008 by Omrop Fryslân
Dizze twadde ôflevering giet oer it earste part fan de foarrondes.

Freed 16 maaie 2008
SjONG ôfl. 3 om 10.00 oere op Ned. 2 en om 18.35 uur by Omrop Fryslân
Oflevering trije is diel 2 fan de foarrondes.

Freed 23 maaie 2008
SjONG ôfl. 4 om 10.00 oere op Ned. 2 en om 18.35 uur by Omrop Fryslân
Dizze lêste ôflevering giet oer de finale.

Yldau fersoarget gastoptreden op Liet

Sneon 17 maaie is de finale fan it Frysktalich sjongfestival Liet yn de Harmonie yn Ljouwert. Dit mei dan de folwoeksen ferzje fan SjONG wêze, ek ús Yldau is fan de partij. As winner fan SjONG sil sy in gastoptreden fersoarge. En wat bysûnder is… sy sjongt ‘bysûnder’ diskear net mei orkestbân, mar ‘live’ mei help fan in pianist.