14 finalisten SjONG 2008 bekend

De foarrondes fan Sjong 2008 sitte der op en de winners binne bekend. Mear dan 40 bern songen en rapten der op los. Goed, hiel goed, suver, ferrassend, min, falsk en om te skriemen. It hiele palet oan talint kaam dizze dei foarby. De dielnimmers wienen hast allegear gespannen en senuweftich. It is ek net maklik om op ‘e stip foar 6 kamera’s te stean. Respekt!

Oan ús, de sjuery, om in goeie ‘line-up’ yn Frentsjer del te setten. En om der in klisjé tsjinoan te goaien: it wie dreech. Stekwurden út it sjueryrapport: mear power, tekst kwyt, wow, goed dien, moaie samensang, bytsje ûnseker, te gek, te gek foar wurden en trochgean! Mar wy binne derút! En Minke en Remon tinke dat it publyk yn Frjentsjer in hiele goeie jûn krije. De muzikanten dy’t wy sjogge yn de Koornbeurs binne:

Marrit de Vries, Janneke Andringa, Marrit Bisschops en Atser Damsma (piano) fan it OSG Sevenwolden yn Grou
Mei ‘Myn gefoel’ (‘Feeling Good’ fan Michael Bublé)

Albert vd Tuin (sang en gitaar) fan it Drachtster Lyceum
Mei ‘De Gitaar’ (‘Het is een nacht’ fan Guus Meeuwis)

Sanne Rijpkema, Eline de Ruig & Lisa Postma fan CSG Bornego De Jouwer
Mei ‘Foar dy wol ik gean’ (‘Voor jou wil ik gaan’ út de musical Grease)

Saskia Zwaan fan it Marnekolleezje yn Boalsert
Mei ‘As in mok boppe ’t strân’ (‘Als een meeuw boven zee’ fan Kinderen voor Kinderen)

Brechtje Brouwer (rap) fan it Dockingakolleezje yn Ferwert
Mei ‘Ungrypber’ (‘Ongrijpbaar’ fan in ûnbekende komponist/tekstskriuwer)

Fenne vd Meulen fan CSG Ulbe van Houten yn St. Anne
Mei ‘Sûnder dy’ (‘Heaven’ fan Do)

Jenny Semplonius fan it RSG Magister Alvinus yn Snits
Mei ‘Fuortset Underwiis’ (‘Hemel en Aarde’ fan Edsilia Rombley)

Esther Dijkstra & Willy Buma fan it Bogerman / CVK yn Snits
Mei ‘Leafde’ (‘Proud Mary’ fan Ike & Tina Turner)

Treja Boersma & Carina van der Hoek fan OSG Singelland yn Surhústerfean
Mei ‘Haat dat ik fan dy hâld’ (‘Hate That I Love You’ fan Rihanna)

Albert Jan Kingma, Janke Trientsje Dijk & Sander Peters (piano) fan it Dockingakolleezje VMBO-TH yn Dokkum
Mei ‘Ik wol dy’ (‘Ik wil je’ fan De Kreuners)

Jitse Zandhuis fan OSG Sevenwolden op It Hearrenfean
Mei ‘Ik wol by dy bliuwe, leave’ (‘Hero’ fan Enrique Iglesias)

Judith Fledderus (sang en piano) fan sjongskoalle Vocales yn Ljouwert
Mei ‘Wy hearre by elkoar’ (‘We are meant to be together’ fan Judith Fledderus)

Yldau Bylsma fan Piter Jelles Aldlân / Vocales yn Ljouwert
Mei ‘Bysûnder’ (‘Bijzonder’ fan Veldhuis & Kemper)


Janke Trientsje Dijk & Band fan it Dockingakolleezje VMBO-TH yn Dokkum
Mei ‘Minsken sjoch om jim hinne’ (‘15 miljoen mensen’ fan Fluitsma & Van Tijn)
Band bestiet uit: Wieger Dijkstra (drums), Robert Lalkens (akoestysk gitaar), Sander Peters (piano) & Johan vd Schaaf (bas)

De sjuery
Remon de Jong
Minke Adema

Hafida el Achouri fan OSG Singelland yn Surhústerfean wie siik by de foarrondes. Sy hat by de presintaasjewurksjop dochs noch har nûmer ‘Wyld’ (‘Wild’ fan Monique Smit) foar de sjuery songen. En dat die se sa goed, dat se as 15e dielnimmer oan de finale taheakke is.

Skema foarrondes (ferzje 27/3)

It nijste skema kinne jim hjir dellade!

Tink om de wizige tiden moarns en it lettere tiidstip middeis foar de bands!

SjONG 2008: Ynformaasje foar de dielnimmers

Bêste dielnimmers en dosinten,

Wy hawwe mear as 40 ynskriuwings binnenkrigen foar SjONG 2008. Geweldich, fine wy dat! Wy wolle jimme yn it earste plak dan ek tige tankje foar jim dielname.

Yn dizze mail fine jim wichtige ynformaasje oer de 2 foarrondes. Dizze wurde beide hâlden op tongersdei 27 maart o.s. yn de studio’s fan Omrop Fryslân oan de Zuiderkruiswei 2 yn Ljouwert. De earste foarronde is fan 10.30 oant 12.30 oere. De twadde foarronde is fan 13.30 oant 16.00 oere.

Oer de bylage
• Yn de bylage fine jim it skema fan optreden mei dêrby de ynformaasje sa’t wy dy fan jimme krigen hawwe. Wolle jimme dizze ynformaasje neisjen op flaters? En wolle jim dy sa gau as mooglik oan ús trochjaan? (fia j.bloem@cedin.nl of j.devries2@cedin.nl)

• Guon fakjes binne griis kleure om’t wy noch net alle gegevens (teksten bygelyks) binnen hawwe. Wolle dyjingen dy’t dat oanbelanget dy saken ek sa gau as mooglik (uterlik 25 maart) oan ús trochjaan?

• It kin ek wêze dat der noch guon misse op de list, om’t dy harren noch net opjûn hawwe of om’t der wat misgien is. Wolle dy harren ek sa gau as mooglik melde? Dat kin dizze wike noch. It oanmeldingsformulier is te finen op www.sjong.nl.

Oer de foarronde
• Alle soundmiksers moatte sels de CD mei harren begeliedingsmuzyk meinimme. Mocht dy orkestbân noch problemen opsmite, nim dan sa gau as mooglik eefkes kontakt mei ús op (j.devries2@cedin.nl). Miskien kinne wy noch wat foar jim betsjutte.

• Foar de dielnimmers mei ‘live’-begelieding jildt dat jim sels jim eigen ynstruminten meinimme moatte. In piano is oanwêzich. Foar de trije bands jildt dat wy de band fan Dockinga VMBO TH frege hawwe om harren drumstel en fersterkers ek foar de oaren beskikber te stellen.

• Dielnimmers oan de earste foarronde wurde om 10.00 oere ferwachte by Omrop Fryslân.

• Dielnimmers oan de twadde foarronde moatte om 13.00 oere oanwêzich wêze.

• Dielnimmers wurde opfongen yn de grutte radiostudio. Begelieders en oare belangstellenden kinne terjochte yn it Mediakafee fan Omrop Fryslân. Sy kinne dêr op in skerm te ferrjochtings fan de dielnimmers folgje. De eigenlike foarronde (ynklusyf televyzje-opnames) fynt plak yn de grutte televyzjestudio. De dielnimmende groepen en solisten geane dêr ien foar ien hinne.

• Alle dielnimmers krije 6 minuten de tiid. Der is earst in koarte soundcheck en dêrnei bringe se harren nûmer foar it fuotljocht. It sjuerykommintaar folget drekst dêrnei.

• Uteinlik wurde maksimaal 15 finalisten útsocht foar de finale. De sjuery bestiet wer út rapper Remon de Jong en sjongeres Mink (Minke Adema). De útslach wurdt jûns om 19.00 oere bekend makke fia www.sjong.nl.

Oer de teksten
In seleksje fan de bêste 10 teksten (dat hoege net deselde teksten te wêzen as dy fan de finalisten!) komt op freed 28 maart op www.sjong.nl te stean. Dêr kin oant 15 april fia sjong.nl@gmail.com op stimd wurde. Elk kin syn/har favoryt trochjaan. De tekst mei de measte stimmen wint de SjONGtekst Publykspriis. Dy wurdt útrikt by de finale op 17 april. De stimmers meitsje kâns op in moaie priis. De winner dêrfan wurdt ek op 17 april bekend makke.

Op freed 11 april komme de 10 bêste teksten ek yn de bylage Freed fan de Ljouwerter Krante!

Oer de presintaasjewurksjop
Foar de finalisten is der op freed 4 april om 14.00 oere in presintaasjewurksjop. Dizze wurdt jûn troch Remon & Mink. Dielnimmers kinne dêr wurkje oan it ferbetterjen fan harren presintaasje.

Oer de finale
• De finale is op tongersdei 17 april yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. De jûn begjint om 19.30 oere en sil om likernôch 22.00 oere ôfrûn wêze.

• De sjuery foar de finale bestiet út sjonger Robbie van Wieren (fan de band Van Wieren), sjongeres Nynke Laverman en rapper Berend Visser (fan it duo Bearnd Baas en Smaarge Skep). Alle finalisten krije in sjueryrapport.

• Der binne prizen foar de trije bêste optredens en foar de trije bêste teksten. Fierder is der in publykspriis foar it bêste optreden. De winner fan de sjuerypriis foar it bêste optreden mei boppedat in fideoklip opnimme by Omrop Fryslân. De fideoklip fan de winners fan ferline jier, Mariëlle & Fetske mei ‘De Twastriid’, is meikoarten op it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk te sjen: www.youtube.com/taalsintrum.

• By de finale binne der optredens fan rapper Remon en sjongeres Mink en fan Alie Ludema, de winneres fan de SjONG YouTubewedstriid. Har filmke is it ôfrûne jier it meast besjoen op it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk. De nûmer 2 wie Eke van der Bijl en Bente Groeneveld wie tredde.

• Alle finalisten komme dit jier ek wer op YouTube.

Alle dielnimmers krije 2 frijkaarten foar de finale. Tekstskriuwers (as dat oaren binne as de dielnimmers) krije elk 1 frijkaart. De kaarten foar de finale kostje € 5,- it stik. Dielnimmers en dosinten kinne fia harren skoalle yn it foar kaarten bestelle by Taalsintrum Frysk tsjin it redusearre taryf fan € 2,50 de kaart. Dat kin troch in mail te stjoeren nei j.bloem@cedin.nl of j.devries2@cedin.nl. Wy soenen it moai fine as hiele klassen komme soenen om harren kandidaten oan te moedigjen. Wachtsje dus net te lang mei bestellen, want fol is fol.

SjONG op Omrop Fryslân
Fan alle dielnimmers wurde opnames makke troch Omrop Fryslân. Op freed 25 april, 16 maaie en 23 maaie binne parten dêrfan werom te sjen op Nederlân 2 om 10.00 oere en jûns wurdt it werhelle op Omrop Fryslân. Programmamakker Freark Smink folget dêrby alle aktiviteiten fan SjONG; fan it tekstskriuwen en rippetearjen oantemei de foarrondes en de finale.

Mochten jim dochs noch fragen of opmerkings hawwe, dan hearre wy dat graach fia de earder neamde emailadressen of fia sjong.nl@gmail.com.

Mei freonlike groetnis,
Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries

De bylage kinne jim hjir dellade

40 ynskriuwings foar SjONG 2008

Nei it súkses fan ferline jier hawwe ek dit jier wer 40 groepen en solisten harren ynskreaun foar SjONG. Oan dizze twadde edysje fan it Frysktalich sjongfestival foar jongerein dogge learlingen fan leafst 18 ferskillende skoallen foar fuortset ûnderwiis mei.

Dit jier binne der foar it earst ek rappers ûnder de dielnimmers. Sy hawwe allegear harren eigen Fryske tekst skreaun hawwe op in besteand pop- of rapnûmer. De lieten wurde songen mei muzyk fan CD of mei begelieding fan echte ynstruminten.

Der binne prizen foar de bêste útfiering en de bêste tekst. Dizze teksten binne fan freed 28 maart ôf te lêzen op www.sjong.nl. Oantemei 15 april kinne besikers fan de website dêr op harren favorite teksten stimme. De tekst mei de measte stimmen krijt de SjONGtekst publykspriis.

Foarrondes
Op tongersdei 27 maart wurde de foarrondes holden by Omrop Fryslân. In sjuery, besteande út rapper Remon de Jong en sjongeres Mink, sil dêr maksimaal 15 dielnimmers útsykje dy’t trochmeie nei de finale.

De finale fynt plak op op tongersdei 17 april om 19.30 oere yn de Koornbeurs yn Frjentsjer. De sjuery foar de finale bestiet út sjongeres Nynke Laverman, rapper Berend Visser en sjonger Robbie van Wieren. Sy sille útmeitsje wat de trije bêste optredens en de trije bêste teksten binne. Ek by dy optredens mei it publyk wer in eigen favoryt oanwize.

YouTube-winner
By de finale sil, nêst Remon en Mink, ek Alie Ludema út Bakhuzen optrede. Sy die ferline jier mei oan SjONG en it filmke fan har optreden is it ôfrûne jier it meast besjoen op YouTube. As priis mei sy har nûmer, ‘Fanôf Hjoed’, by de finale noch in kear foar it fuotljocht bringe.

De winners fan ferline jier, Mariëlle (foto) en Fetske, hawwe krekt in fideoklip fan harren liet ‘De Twastriid’ makke by Omrop Fryslân. Dy klip is meikoarten, krekt as de filmkes fan ferline jier, te sjen op it YouTubekanaal fan Taalsintrum Frysk: www.youtube.com/taalsintrum.

SjONG op televyzje
SjONG is op freed 25 april, 16 maaie en 23 maaie werom te sjen op Nederlân 2 om 10.00 oere en jûns wurdt it werhelle op Omrop Fryslân. Programmamakker Freark Smink folget dêrby alle aktiviteiten fan SjONG; fan it tekstskriuwen en rippetearjen oantemei de foarrondes en de finale.

Oanmelde foar SjONG 2008

SjONG 2008 stiet foar de doar! Foar sneon 15 maart kinne learlingen fan 12 oantemei 18 jier harren wer oanmelde foar dit Frysktalige sjongfestival. Se moatte dêrby in eigen Frysktalige tekst op in besteande melodij foar it fuotljocht bringe. Dat kin ‘live’ of mei in orkestbân.

Dit jier is der ek in aparte kategory foar rappers. F-Rap, hawwe wy dy neamd. Dêrmei hoopje wy benammen ek jonges foar it sjongfestival te ynteressearjen. Ek sy moatte in eigen Frysktalige tekst skriuwe en dy op in besteande of selsmakke beat ten gehoare bringe.

Foar elke skoallokaasje jildt in maksimum fan 5 dielnimmers oan SjONG en 3 dielnimmers yn de kategory F-Rap. As der mear potinsjele dielnimmers binne, is it oan de skoalle sels om in eigen foarronde te organisearjen om út te meitsjen wa’t meidwaan meie.

De foarrondes fan SjONG/F-Rap binne op tongersdei 27 en freed 28 maart yn it gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert. Oer de dei en tiid krije de dielnimmers nei oanmelding sa gau as mooglik berjocht.

De finale is op tongersdei 17 april om 19.30 oere yn teater de Koornbeurs yn Frjentsjer. De winners meie in fideoklip opnimme by Omrop Fryslân.

Om dielnimmers te helpen by it skriuwen en/of ferbetterjen fan harren teksten, biedt Taalsintrum Frysk in wurksjop SjONG oan yn de moanne febrewaris. Dizze muzikale wurksjop wurdt jûn troch Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries, dy’t beide romme ûnderfining hawwe as muzikant en tekstskriuwer. De wurksjops binne fergees en kinne nei skoaltiid holden wurde of ynpast wurde yn bygelyks de reguliere muzykles. Foar mear ynformaasje en/of oanmelding kinne jim in mailtsje stjoere nei sjong.nl@gmail.com

Foar orkestbannen ferwize wy jim graach nei de site http://www.karaoke-version.com/nl/. Dêr kinne fergees of foar in pear euro orkestbannen delladen wurde.

Oanmelde kin troch it oanmeldingsformulier del te laden, yn te follen en werom te stjoeren (de ynstruksjes steane op it formulier).

Wy sjogge jim oanmeldings foar SjONG/F-Rap en/of de wurksjop graach yn ‘e mjitte.

Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries
Taalsintrum Frysk