SjONG yn in oare taal

It idee om in Fryske tekst te skriuwen op in bekend popliet wie in súkses. Dat hat SjONG wol dúdlik makke. Dêrom binne organisatoaren fan SjONG ek frege om it idee troch te jaan oan al dy jongeren fan 21 ferskate minderheden dy’t yn de hjerstfakânsje op Skylge wienen foar it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt).

Mei it sjen litten fan de site www.sjong.nl waard de bedoeling dúdlik makke.
Dêrnei krigen de dielnimmers fan de wurkwinkel de opdracht om sels in tekst te skriuwen op it liet ‘Heaven’ fan Bryan Adams, dat yn Nederlân bekend wurden is troch de útfiering fan Do.
Nei de bekende tips oer it skriuwen fan in liettekst koe elkenien begjinne.

Besjoch de teksten en de tekstskriuwers>>>