SjONG 2008 op tongersdei 17 april

De datum fan de twadde edysje fan SjONG is bekend: tongersdei 17 april 2008. Plak fan hanneling diskear: Theater ‘De Koornbeurs’ yn Frjentsjer.

De tiden en plakken fan de foarrondes en ek de deadline foar ynstjoeren sille meikoarten bekend makke wurde. Der kin ynskreaun wurde foar ien fan de folgjende kategoryën: soundmiks, ‘live’ en rap.

Begjin 2008 sille Johan Bloem en Jouke Douwe de Vries fan Taalsintrum Frysk op de skoallen foar fuortset ûnderwiis in tal wurkwinkels jaan foar it skriuwen fan rapteksten en sjongteksten op besteande meldijen. Dêr binne foar de skoallen gjin kosten oan ferbûn.

Foar mear ynformaasje kinne jim in mailtsje stjoere nei: sjong.nl@gmail.com.