Filmferslach finale SjONG 2015

Wat in prachtige jûn hienen wy op 11 april 2015. De finale fan SjONG wie hearlik! Gelokkich hawwe wy de bylden noch… Tim Hoekstra makke foar ús in ympresje, hy filme de middeis by de workshop en de jûns by de grande finale. Alles naam er op: fan it oefenjen fan it spektakulêre iepeningsnûmer oant it diner, fan de fisazjy oant it jammen yn de foyer… En – net te ferjitten – de finale sels! Alle dielnimmers komme oan bod. Enjoy! En… oant de folgjende SjONG?!