Hadzerr wint SjONG You Tube priis 2011

De band Hadzerr is mei harren nûmer ‘Ik wol sjonge’ de grutte winner fan de SjONG You Tube priis 2011. Hadzerr harren klip waard it ôfrûne jier mar leafst 5850 kear besjoen op You Tube. Hadzerr krijt de priis útrikt op de finale fan SjONG dy’t op 16 april hâlden wurde sil yn teater De Koornbeurs yn Frjentsjer. As ekstra priis meie se dy jûns noch in kear optrede foar in folle seal.  

De klips fan SjONG komme op You Tube. De bêst besjoene act (peildatum 1 maart) wint in jier letter de SjONG You Tube priis. 

Ek dit jier docht wer bliken dat SjONG in populêr evenemint is. Mar leafst 30 groepen en solisten fan 17 ferskillende skoallen hawwe har ynskreaun. Yn totaal binne dat sa’n 50 dielnimmers. De foarrondes fan SjONG binne op 23 en 24 maart middeis yn de studio fan Omrop Fryslân yn Ljouwert.

Doel fan SjONG is om jongerein oan te setten ta it skriuwen en sjongen yn it Frysk. Fansels ferskine de klips fan SjONG 2011 ek wer op You Tube.