Finalisten SjONG 2017 bekend

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Tet Rozendal net 8, mar 9 acts dy’t troch meie nei de grutte SjONG-finale op 3 juny 2017 yn Neushoorn yn Ljouwert.

17761231_759597820874765_3911497426957804158_o

De finalisten dy’t dy jûns op it poadium steane, binne:

Tara van der Meulen (Bogerman Snits) mei ‘In moaie dream’, orizjineel: Burning house fan Cam

Sara en Lisa (Bogerman Wommels/Snits) mei ‘Freonskip’, orizjineel: Remedy fan Adele

Baukje de Graaf (Liudger Burgum) mei ‘Doe’t wy jong wiene’, orizjineel: When we were young fan Adele

Iris Bosma (Drachtster Lyseum) mei ‘Prins op in Frysk hynder’, orizjineel: White horse fan Taylor Swift

Nynke en band (Bogerman Snits) mei ‘Myn nije thús’, orizjineel: Feels like home fan Chantal Kreviazuk

Katie Aaldersova (Lyndensteyn Beetstersweach) mei ‘Blomke’, orizjineel: Hoe lang fan Nick & Simon

Nicole & Anniek (Bornego College It Hearrenfean) mei ‘Frij’, orizjineel: This town fan Niall Horan

Rixt Rypma (Friese Poort Snits) mei ‘Myn dream fan ea’, orizjineel: I dreamed a dream fan Susan Boyle

Elske en Marten (Bornego College It Hearrenfean en Hanzehogeschool Grins) mei ‘Yn waar en wyn’, orizjineel: Calm after the storm fan The Common Linnets

Lokwinske allegearre! De finalisten krije sa gau mooglik berjocht oer de fierdere gong fan saken. Foar wa’t net troch is: wy hoopje dat de workshops en de audysjes in hiele moaie ûnderfining west hawwe en hooplik oant SjONG 2019! Jim dogge fansels noch mei foar de tekstpriis en jim hâlde ek in fantastyske fideoklip oer oan jim audysje. Dy komt ynkoarten op YouTube. Folgje SjONG op Instagram, Twitter of Facebook en jim witte wannear.

Alle dielnimmers (ast no wol of net troch bist) hawwe rjocht op 2 frijkaarten foar de SjONG-finale. Bestelle? Stjoer in mailtsje nei sjong.nl@gmail.com. Losse kaarten binne te krijen fia Neushoorn (€8,50 it stik).