Workshops SjONG

Wolsto dy ekstra goed tariede op de audysjes? Folgje dan de SjONG workshops. Dy binne op 16 maart 2017, trije wike foar de audysje, fan 14.00 oant 17.00 oere yn it teater fan ROC Friese Poort Drachten.

Workshop 1: Spylje jim SjONG-nûmer en krij feedback, tips en trúks oer de sang en muzyk fan Janneke Brakels.

Workshop 2: Rint dyn tekst lekker? Is it goed Frysk? Sleutelje oan dyn tekst mei songwriter Jurjen van der Meer en Frisist Marrit de Schiffart.

Workshop 3: It poadium op en dan? Wêr moatst om tinke, watfoar faktaal wurdt der brûkt, hokker apparatuer komst tsjin? Gijs Greve leit it út!

Dizze middei is fergees, kinst der in soad fan leare.

flyer-workshops