SjONG 2017 stiet foar de doar!

Bisto de Fryske voice?!

Achter de skermen binne wy drok dwaande mei de tariedingen foar SjONG 2017! Alle data binne pland, de teaser is ôf en de posters wurde drukt! Wisto al oftst meidwaan wolst? Ja? Folgje dan ûndersteande stappen.

By SjONG is it de bedoeling dast dyn eigen Fryskte tekst skriuwst op in besteande hit. Miskien wol fan dyn favorite sjonger Bruno Mars, of bisto de nije Ariana Grande? It makket net út, fan up tempo oant ballad en alles dêr tusken yn kin! Dochsto dyn optreden mei in band of begeliedsto dysels? Of sjongsto leaver mei in karaokebân? Tsjek dan ek www.karaoke-versie.nl foar it finen fan in geskikte bân foar dyn optreden.

Skeakelje help yn
Elts dy’t sjongtalint hat, mei meidwaan. Hoechst dus net op sjongles te sitten om mei dwaan. Mar in bytsje help krije, kin fansels noait kwea. Miskien kin dyn muzykdosint op skoalle wat foar dy betsjutte by it tekstskriuwen en de muzikale begelieding en kin dyn dosint Frysk it neisjen op Fryske stavering.

Audysje
Elk dy’t him opjout, docht audysje. In profesjonele sjuery bepaalt wa’t troch mei nei de finale. By dy foarrondes wurde opnamen: alle dielnimmers krije in fideoklip op YouTube. Bist dus sawiesa al in echte stjer ast meidien hast oan de foarrondes!

Workshops
Wurkje oan dyn skills en doch yn maart mei oan twa workshops. Dizze workshops wurde spesjaal foar dielnimmers fan SjONG organisearre. Lear mear oer tekstskriuwen, poadiumpresintaasje en fansels sjongtechnyk.

Data op in rychje
Oanmelde: oanmelde foar SjONG 2017 kin fan 9 jannewaris oant 6 maart
Workshops: 16 maart 2017 yn it teater fan ROC Friese Poort Drachten
Audysjes: 5, 6 en 7 april 2017 yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten
Finale: 3 juny 2017 yn Neushoorn Ljouwert

Folgje SjONG
Folgje ús ek op Facebook, Twitter en Instagram! Dêrop hâlde wy dy op ’e hichte fan de lêste nijtsjes, tips en filmkes!