Broer en sus Elske en Marten winne SjONG 2017

‘Se begelieden harsels goed, songen prachtich twastimmich en stiene hearlik relaxed mei harren gitaarke op it poadium.’ Sa oardielde de sjuery sneon oer Elske (16) en Marten (18) Algra. It duo waard de grutte winner fan SjONG, it Frysktalige sjongfestival foar jongerein. Broer en sus Algra wûnen net allinne de priis foar bêste muzikale útfiering, mar ek de priis foar bêste Fryske songtekst.  

dsc_0329

In grôtfolle Neushoorn seach hoe’t Elske en Marten de oerwinning binnen songen mei it nûmer ‘Yn waar en wyn’, in Fryske oersetting fan ‘Calm after the storm’ fan The Common Linnets. Elske is in learlinge fan it Bornego College op It Hearrenfean, har broer Marten studearret op de Hanzehogeschool yn Grins. ‘Fantastysk hoe’t dit duo harren nûmer brocht, in leuke poadiumpresintaasje dêr’t wy fan genoaten’, sei sjonger Piter Wilkens dy’t mei Elske DeWall en Tet Rozendal de muzyksjuery fan SjONG 2017 foarme. Unanym keazen se foar de broer en suster út Jobbegea.

De twadde priis gong nei Nynke Gijsen (15) en band fan Bogerman Snits. Se stie op it poadium mei Eise Hille Lambers (piano), Jelcher Drent (basgitaar), Michiel Vossenberg (saksofoan) en Wouter Yntema (drums). De band foel op troch harren professionaliteit en it hege entertainment-gehalte. Se brochten it nûmer ‘Myn nije thús’, in cover fan ‘Feels like home’ fan Chantal Kreviazuk. De tredde priis wie foar sjongeres Rixt Rypma (17) fan Friese Poort Snits. ‘In geweldige sjongeres’, sa oardielde de sjuery. Se song ‘Myn dream fan ea’, ofwol ‘I dreamed a dream’ yn de ferzje fan Susan Boyle.

Winner bêste songtekst

Ek dit jier wie der wer in tekstpriis foar de bêste songtekst. Tekstsjuerylid Jurjen van der Meer nominearre fjouwer songteksten en makke sneon bekend dat de tekst ‘Yn waar en wyn’, útfierd troch Marten en Elske Algra, de alderbêste wie. De tekst, skreaun op ‘Calm after the storm’ fan The Common Linnets, is net in fertaling. It ûnderwerp wie just hiel oars en dat fûn de sjuery moai: orizjineel en humoristysk.

Winner YouTube-priis

It sjongduo Syta & Marije (Syta van der Pas en Marije Dijkstra) út Feanwâlden gong nei hûs mei de SjONG YouTube-priis. Harren fideoklip ‘Mei ik dan by dy’ fan SjONG 2015 waard mear as 5000 kear besjoen op YouTube. Dat oantal views wie genôch om de YouTube-priis te winnen.

Finalisten krije ûnferwachts besite

FERRASSING!! Alle SjONG-finalisten krigen ûnferwachts besite. It SjONG-team kaam del op skoalle mei in freonecheque. Dêrby 10 frijkaartsjes foar de finale fan SjONG op 3 juny yn Neushoorn. UTDIELE MAR!
 
Alle ferrassings-filmkes sjen? Klikke mar!

Fideoklips audysjes online

It is safier! De fideoklips fan de audysjes steane op YouTube!
KLIKKE BLINDER!!

Cedin wurket foar SjONG gear mei Leerbedriuw OpenBlick fan ROC Friese Poort Drachten. Studinten Podium- en Evenemententechniek fersoargen by de audysjes  it lûd en ljocht. Studinten fan de oplieding Audiovisuele Productie makken prachtige fideoklips. Alle dielnimmers krije dus in eigen klip. En dy binne no te finen op YouTube! 

 

 audities

Finalisten SjONG 2017 bekend

Pfff, wat hienen se it dreech dy sjueryleden… Mar se binne derút! Nei de audysjes keazen Raynaud Ritsma en Tet Rozendal net 8, mar 9 acts dy’t troch meie nei de grutte SjONG-finale op 3 juny 2017 yn Neushoorn yn Ljouwert.

17761231_759597820874765_3911497426957804158_o

Lês mear..

Ympresje workshops SjONG

 

Tsjek dit! In supertoffe ympresje fan de workshops SjONG! Mei tank oan de studinten Audiovisuele Productie fan ROC Friese Poort Drachten.